Polityk bestjoerlik profyl
• Tafersjoch hâlde op belied, neilibjen wet- & rigeljouwing en realisaasje doelstellingen.
• Tafersjoch hâlde op de finansjele jiersyklus en as klankboerd tsjinje foar de bestjoerder.
• Polityk bestjoerlik profyl, mei in netwurk dat derby heart en romme tafersjochhâldende ûnderfining.
• Ynteger, ferantwurdlik, strategysk, kollegiaal, ûnôfhinklik tinker en Frysk!
Omrop Fryslân is dé regionale publike omrop, mei sa’n 125 meiwurkers en 75 freelancers, foar elkenien dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt. De Omrop hat it plak yn it sterk feroarjende medialânskip op ’e nij formulearre en fertaald nei in strategysk plan 2020 – 2025 “Kom fierder”. De organisaasje rekkenet it as har ferantwurdlikheid om de Fryske taal en kultuer aktyf út te dragen. By de Omrop is dan ek it Frysk de fiertaal. Sjoch ek: omropfryslan.nl